Ferlerne film

Akteur Lon Chaney sr. yn London after Midnight, ien fan 'e meast sochte ferlerne films. De lêst bekende filmrôle fan dizze film waard ferneatige by de MGM-klûsbrân fan 1965, sadat der no inkeld noch in stikmannich produksjefoto's fan oer binne.

In ferlerne film is in lange of koarte film mei in fiktyf of non-fiktyf karakter, dy't, ynsafier bekend, langer net mear bestiet yn in argyf fan in filmstudio, in privee-kolleksje of in iepenbier argyf lykas de Amerikaanske Library of Congress of it Frysk Filmargyf. Fan sokke films wurdt sadwaande oannommen dat se ferlern gien binne. Dat hoecht net altyd wier te wêzen, mei't soms yn in argyf noch in eksimplaar oantroffen wurdt, wêrfan't it bestean earder net bekend wie. Ek komt it wol foar dat, fral nei in erfenis, op in rommelsouder of yn in oare berging by in partikulier noch in eksimplaar opdûkt. Soms is fan in ferlerne film hielendal neat bewarre bleaun, mar ornaris binne der noch wol produksjefoto's oerlevere, yn it Ingelsk stills neamd (om't der gjin beweging yn sit), dy't in priuwke fan 'e bylden en de sfear fan 'e film jaan kinne.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search